Baggerje op It Hearrenfean foar djippere farwei: 33.000 kubike meter drek

27 nov 2020 - 15:34

De provinsje is dwaande om tolve kilometer wetter nei It Hearrenfean ta út te baggerjen: fan haven de Welle oant it Prinses Margrietkanaal. Dat is nedich om it wetter djip genôch te hâlden foar de skipfeart. It wurk duorret noch oant april 2021.

Baggerje op It Hearrenfean

Jan Dijkstra fan oannimmer Ippel Dredging fertelt dat der mear as 33.000 kubike meter drek út de farwei helle wurdt. "De farwei sliket mei de jierren ticht. Foar de grutte skipfeart moat dat iepen bliuwe. Wy binne dwaande it slib wer út it kanaal te heljen."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar mei Jan Dijkstra

Foto: Provinsje Fryslân

Om te witten op hokker plakken baggere wurde moat, is de farwei foar de tiid hielendal ynmetten mei in multibeam. "Dan kinst úteinlik de hiele boaiem sjen. Op basis dêrfan wurdt in baggerplan makke." Op dat baggerplan wurdt eksakt oanjûn wêr't baggere wurde moat. Nei't it út it wetter helle is, wurdt de drek nei depots by Warten en Langwar ferfierd. "Der moat it tusken de ien en twa jier yndrûgje, en dêrnei wurdt it wer as boustof brûkt", seit Dijkstra.

Net allinnich mar drek

Sa no en dan wurdt der net allinnich drek baggere, mar komme der ek oare dingen nei boppen. "Yn de earste dagen hiene wy al munysje yn de bak sitten. It wiene in stik as tweintich patroanen dy't byinoar leine." Dijkstra fertelt dat de patroanen wierskynlik troch immen yn it wetter goaid binne. Op sa'n momint wurde de wurksumheden efkes stillein, mar Dijkstra fertelt dat se doe op in oantal kilometer fierderop trochgean binne. "Op dat plak waard earst ûndersyk dien, mar op in gegeven momint krigen wy fan de opdrachtjouwer te hearren dat de lokaasje wer frijjûn wie, dat wy wer fierder koene."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn de stjoerhut op it baggerskip

(Advertinsje)
(Advertinsje)