HEA! Fluitsje en sjonge yn Skarl

27 nov 2020 - 14:42

Sjoerd Bleeker helpt syn soan Bruno geregeld mei putsjes yn en om syn 'nije' hûs yn Skarl. Dêr komt diskear allinnich net safolle fan terjochte, want de muzyk nimt it oer. Mirjam Timmer fan Twarres bellet tafallich, en dan kin Bruno syn nije ferske net langer ûnder de pet hâlde. Heit Sjoerd, de broer fan de bekende folkssjonger Doede Bleeker (ferstoarn yn 2018), is net sa muzikaal, seit er. Mar neffens Bruno kin heit oars wol hiel goed fluitsje.

HEA! Fluitsje en sjonge yn Skarl

(Advertinsje)
(Advertinsje)