RIVM meldt 91 nije besmettingen yn Fryslân, lanlik groei fan mear as tûzen

27 nov 2020 - 14:18

Der binne de ôfrûne 24 oeren 91 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der sechstjin mear as tongersdei, doe wiene it der 75. It trochsneed tal besmettingen oer de lêste sân dagen is 96.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oeren fêststeld yn Súdwest-Fryslân (19). Dêrnei komme Ljouwert (13) en Noardeast-Fryslân (11).

Yn Fryslân is sûnt tongersdei wer ien nij stjergefal meld. It giet om in bewenner fan Weststellingwerf. It totale tal stjergefallen sûnt it begjin fan de corona-útbraak leit no op 130.

It RIVM meldt freed ien nije sikehûsopname yn Fryslân, in ynwenner fan Ljouwert.

Lanlik hast tûzen mear

Lanlik binne der 5.790 nije besmettingen fêststeld. Dat binne der mear as tûzen mear as tongersdei, doe wiene it 4.498.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)