Titelferdigener Letitia de Jong start op NK sprint, mar sûnder ferwachtings

27 nov 2020 - 14:09

As Letitia de Jong oan rinnen komt by Thialf, is dúdlik te sjen dat se noch altyd lest hat fan har heup. Hiel linich beweecht de reedrydster fan Feanwâlden noch net. Yn de simmer die bliken dat se in slymbeursûntstekking yn de heup hie en dat is noch altyd net hielendal oer. Dochs stiet se sneon en snein oan de start fan it Nederlânsk kampioenskip sprint. Wol mei oare plannen as gewoanwei.

FH REPO NK sprint

It NK sprint wurdt de earste offisjele wedstriid fan it seizoen foar De Jong. It NK ôfstannen sloech se oer. Se is dwaande mei weromkommen fan dy ferfelende blessuere. De Jong tinkt dat se no op likernôch tachtich persint sit. "It is gewoan hiel ferfelend. It duorret no eins al hast in healjier. Mar, it giet no wol it beste fan de ôfrûne fjouwer oant fiif moannen", fertelt de reedrydster, dy't foar Team IKO útkomt.

Ik gean der sels net fan út dat ik myn Nederlânske titel prolongearje.

Regearjend Nederlânsk kampioene sprint Letitia de Jong

Gjin ferwachtings

De Jong sit noch yn de opboufaze. Ferline wike ried se foar it earst wer in trainingswedstriid. De tiid op de 500 meter foel har bot ôf. Se ried nei 39,5, wylst se yn topfoarm 37-ers ride kin. Dat makket dúdlik dat we foar it NK sprint gjin hege ferwachtings hoege te hawwen.

Se sil har titel fan ferline jier kommend wykein net prolongearje: "It sil my fernuverje as dat slagget. Ik gean der sels net fan út. Ik stean mei hiele oare doelen oan de start. Ik wol ferbetterje. Foarige wike ried ik 39,5 en ik hoopje dat it rapper giet as dat."

Foto: Team IKO

Ek op de training fernimt De Jong dat it de goede kant wer op giet. "In pear wiken lyn moast ik noch hiel fier losse efter de groep oan as se in steigerung diene en no sit ik der gewoan goed efter."

Wedstriden ride is tige wichtich foar De Jong, yn de oanrin nei it kwalifikaasjetoernoai ein desimber. Dêr binne startbewizen te fertsjinjen foar de ynternasjonale wedstriden yn jannewaris en febrewaris.

"Ik ha wedstriden nedich om wer op nivo te kommen. Dat kinst simulearje op in training, mar noait sa goed as yn in echte wedstriid. Dan is dit in hiel moai toernoai om dêroan te wurkjen."

Femke Kok of Jutta Leerdam?

De fraach is wa't de Nederlânske sprinttitel fan De Jong oernimme sil. Sels hat se wol in idee: "Ik tink dat der twa favoriten binne: Femke Kok en Jutta Leerdam. Ast sjochst nei de tiden dy't se oant no ta delset hawwe, dan stekke se der mei syn twaen wol boppe-út."

Nederlânsk kampioenskip sprint

De manlju en de froulju ride op it NK twa kear in 500 en in 1000 meter. Op sneon begjint it programma om 14.30 oere en op snein om 15.15. oere.

By de froulju dogge der neist Kok en De Jong noch sân Friezen mei: Helga Drost, Marrit Fledderus, Marijke Groenewoud, Michelle de Jong, Suzanne Schulting, Janine Smit en Ireen Wüst. By de manlju is der mar ien Fryske dielnimmer: Jesper Hospes fertsjinwurdiget de eare út namme fan it Gewest Fryslân.

Omrop Fryslân docht sneon- en sneintemiddei ferslach fan it NK sprint op de radio.

Femke Kok

Ien fan de favoriten is dus Femke Kok. Dat sjocht se sels ek, allinnich tinkt se wol dat Jutta Leerdam in gruttere kânshawwer is. "Der binne genôch famkes dy't kans meitsje, mar ik tink dat Jutta de grutste favoryt is. Ik tink wol dat de measte druk by har leit."

Dat se ien fan de favoriten is, is logysk om't Kok de Nederlânsk kampioene op de 500 meter is en sulver wûn op de 1000 meter. Dochs fynt se it sels nuver. "It is sa gek om dysels favoryt te neamen. Dat is wol in apart gefoel."

Ik bin hiel benijd wat ik op de 1000 meter kin.

Femke Kok ferwachtet dat op dy ôfstân it ferskil makke wurdt

Kok ferwachtet dat it ferskil makke wurdt op de 1000 meter. "Ik bin hiel benijd wat ik dêrop kin. Ik ha dit jier noch gjin flekkeleaze 1000 meter riden, dus ik hoopje dat ik dêr noch in soad winst op pakke kin. Jutta rydt sa'n goede 1000 meter. Sy is sa'n stabile faktor, dy is altyd super goed."

Ferline wike ried Kok yn in trainingswedstriid op 'e nij in rekôr: mei har 37,47 is se de rapste Nederlânske frou ea op de 500 meter yn Thialf. Dat rekôr stiet sûnt begjin oktober op har namme. Doe ried se 37,55.

De rydster fan Nij Beets hopet it kommend wykein ek yn in offisjele wedstriid te prestearjen: "It is aardich om yn in trainingswedstriid hurd te riden, mar dochst it foar de belangrike wedstriden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)