Omrop TIP: Fragminten út Abe Lenstra by Willem Duys

Hjoed is it 100 jier lyn dat de ferneamde fuotballer Abe Lenstra berne waard. Jûn om 20.15 oere stjoert Omrop Fryslân TV in ynterview mei Abe Lenstra út. It is in gesprek dat Willem Duys mei him hie yn syn programma 'Voor de vuist weg' op 1 jannewaris 1971.
© AVRO
Dit wykein is de Fryslân DOK 'Dûnser mei de bal 100 jier Abe Lenstra' te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân, mei bysûndere argyfbylden. Ek bylden út in weromfûne ôflevering fan 'Voor de Vuist weg' fan Willem Duys mei Abe Lenstra. Dy wie by de AVRO op 1 jannewaris 1971. Abe wie krekt 50 en hie de middeis noch in wedstriid mei de âld-internationals spile. Fan Abe waard faak sein dat it in muoilike, stûfe man wie. Yn it petear mei Duys lit er him fan in heel oare kant sjen.
Ta gelegenheid fan de hûndertste bertedei fan Abe Lenstra joech de AVROTROS tastimming om it hiele ynterview ien kear út te stjoeren. Op freed 27 novimber, de bertedei fan Abe Lenstra, om 20.15 oere is it ynterview by Omrop Fryslân TV te sjen.

In hiel oare man

Piter Tjeerdsma, programmamakker Fryslân DOK: "It is in bysûnder ynterview. Binnen tsien minuten wit Willem Duys ús Abe út syn komfortsône te heljen. We sjogge in hiele oare man as dat de measte minsken ferwachtsje. Der leit ek in fuotbal, en Willem Duys freget Abe om de bal even heech te hâlden. Dat docht er, en se krije de hiele seal oan it laitsjen. Dat wy dit as Omrop útstjoere meie, jout Fryslân de unike kâns om dit ynterview út it nasjonale omropargyf werom te sjen."