Freedsmerk oer Forum voor Democratie en Baudet: "Krekt lytse bern!"

27 nov 2020 - 13:31

It nijs oer Forum voor Democratie en Thierry Baudet folge inoar fan 'e wike yn heech tempo op. Hast mei de oere wiene der nije ûntwikkelings. Wat betsjut dit foar FvD en Baudet, mar ek foar it betrouwen yn de polityk? De Ljouwerter besikers fan de Ljouwerter freedsmerk joegen de partij en har lieder flink de wyn fan foaren: "It bin krekt lytse bern!"

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"In clowneske bedoeling", "Rampzalig", "Neat mei neat" is in gryp út de reaksjes op de merk. "Weardeleas", "beskamsum", "entertainment" seinen oaren.

Ek oer de persoan Thierry Baudet wiene der skerpe útspraken: "Soks krije jo as it ego grutter is as de man sels", en: "Gelokkich komt syn wiere aard no boppe, dat skeelt in soad ellinde..."

"Ik sta achter Thierry"

Dochs naam ek immen it foar Baudet op: "Op nieuwe partijen komen ook altijd zwervers en boeven af. Dat is lastig te handelen. Maar ik sta achter Thierry, dat is een slimme jongen!"

Neffens in oar is it moai dat de partij ûntmaskere is: "It soe in partij mei in nij lûd wurde, mar it blykt in hiel âld lûd te wêzen..."

It somberst wie in keapman, dy't konkludearre dat de polityk "eins fallyt is", mar in kollega relativearre dat mei de opmerking: "Baudet? Wa is dat eins?"

Ferslachjouwer René Koster fielde besikers fan de freedsmerk oan de tosk

(Advertinsje)
(Advertinsje)