Ferfolchûndersyk nei ferbining Rânestêd - Noarden: Lelyline ien fan de twa opsjes

It Ryk komt takom jier mei in ferfolchûndersyk nei in bettere en mear 'robúste' spoarferbining tusken de Rânestêd en it Noarden. Dêrby wurdt sjoen nei twa opsjes: of oer besteand spoar of mei de Lelyline, in oan te lizzen trajekt fan Lelystad oer Emmeloord, It Hearrenfean en Drachten nei Grins. It is de bedoeling dat de ferbining 30 minuten rapper wurdt.
© Omrop Fryslân
De ministearjes Ynfrastruktuer en Wettersteat, Ynlânske Saken en de regio sjogge mei-inoar nei de mooglikheden. Dêrby moat ek sjoen wurde nei it wenjen, wurkjen en de rekreaasje yn de regio.
Neffens ûndersyk fan earder dit jier is dúdlik wurden dat in Lelyline tusken de 4 en 6 miljard kostet. Mar it besteande spoar ferbetterje soe like djoer of djoerder wêze.

Minder lêst fan steuringen

In bettere ferbining betsjut in koartere reistiid, mar de ferbining moat ek 'robúster'. It treinferkear nei Ljouwert en Grins giet no oer de smelle corridor Zwolle-Meppel. As dêr in steuring is, en dat bart geregeld, moat elkenien mei de bus. De Lelyline soe dat probleem ferhelpe.
© Shutterstock.com
It Ryk en de regio konstatearje wol dat der in soad jild nedich is en dat jild is der op it stuit net. Takom jier dizze tiid beprate de ferskate partijen de útkomsten fan de ûndersiken. Dan komme der ek ôfspraken.