GGD: Oantal besmettings stabyl; drokte yn winkelstrjitten ferwachte

It oantal nije besmettings yn Fryslân liket, krekt as yn de rest fan it lân, te stabilisearjen. GGD Fryslân registrearre de ôfrûne wike 672 posityf teste persoanen. Foarige wike rûn it oantal op fan 561 nei 720. De Veiligheidsregio en GGD Fryslân warskôgje foar oerfolle winkelstrjitten.
Alle besmettingen yn Fryslân sûnt it begjin fan de útbraak (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
It oantal besmettings ûnder santichplussers bliuwt soarchlik heech neffens GGD Fryslân, mar nimt net mear ta. Der wiene ôfrûne wike 87 besmettings, tsjin 104 de wike derfoar. It oantal besmette bewenners fan ferpleech- en fersoargingshûzen naam ôf fan 65 nei 47.
Der binne 94 bern yn de leeftyd fan 12 oant en mei 17 jier posityf test. Foarige wike ferdûbele dit oantal (fan 47 nei 101).
It oantal ôfname tests op de fjouwer Fryske GGD-lokaasjes wie 7.946, krekt wat mear as de 7.585 fan foarige wike.

Winkelje foar de feestdagen

Veiligheidsregio en GGD Fryslân meitsje har, mei it each op de feestdagen, soargen oer de grutte streamen winkeljend publyk dat net genôch ôfstân hâlde kin. De ferwachting is dat dit jier in soad minsken kado's keapje sille.
"We beseffe dat de minsken yn dizze tiid dochs al beheind binne yn de mooglikheden ta fermaak en dat se thús Sinteklaas of Kryst fiere wolle en útpakke wolle mei kadootsjes", seit direkteur Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân. "Mar dat betsjut wol dat it drok wurde kin yn de winkelstrjitten. We roppe eltsenien dêrom op te kiezen foar de rêstige mominten of yn rêstiger plakken."

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0

Teste sûnder klachten

Fan kommende tiisdei 1 desimber ôf kinne twa groepen minsken har ek sûnder sûnensklachten teste litte by de GGD. It giet om minsken dy't nei foaren ta komme út it boarne- en kontaktûndersyk en om minsken dy't in warskôging krigen op de Coronamelder-app dat sy yn nau kontakt west hawwe mei in besmet persoan.
Sy kinne har teste litte fan de fyfde dei ôf dat harren karantêne jildt. Gewoanwei folget dan in dei letter de útslach. Wa't dan negatyf test, mei fuortendaalks út karantêne. Wol moatte sy oant 10 dagen nei't de karantêne yngie kontakt mei kwetsbere persoanen mije.
1 desimber is ek de datum dat de lanlike mûlkapkeplicht foar publike gebouwen yngiet.

Sifers

Mei de 672 positive tests fan ôfrûne wike binne 8.275 ynwenners fan Fryslân besmet rekke mei it firus. De GGD krige dizze wike 13 meldingen fan besmette persoanen dy't ferstoarn binne. Foarige wike wiene dit der 17. It offisjele stjertesifer yn ferbân mei corona stiet no op 129. Der binne 6 sikehûsopnames trochjûn, foarige wike 12.

Gemeenten

Súdwest-Fryslân bliuwt de gemeente mei de measte besmettings, mar it oantal positive tests gie de ôfrûne wike wol bot omleech. Yn totaal seis gemeenten hiene dizze wike mear besmettings as in wike earder, mei de grutste stiging yn Hearrenfean en Eaststellingwerf, ûnder oare fanwegen de besmettings yn soarchynstelling OlmenEs.

Coronabesmettings de gemeente

Gemeente Besmettings dizze wike Besmettings foarige wike
Súdwest-Fryslân 164 211
Ljouwert 128 137
Eaststellingwerf 55 33
Waadhoeke 49 45
Hearrenfean 43 28
De Fryske Marren 40 39
Noardeast-Fryslân 38 54
Smellingerlân 35 40
Opsterlân 25 23
Weststellingwerf 23 29
Tytsjerksteradiel 23 24
Achtkarspelen 22 29
Dantumadiel 16 18
Harns 7 8
Skylge 3 2
Flylân 1 0
Amelân 0 0
Skiermûntseach 0 0