Petysje fan doarpsbelang Goutum tsjin wenningbou De Hem 700 kear tekene

27 nov 2020 - 09:02

Hast 700 minsken ha in petysje tekene tsjin de ûntwikkeling fan buorskip De Hem, súdlik fan Goutum. De gemeente Ljouwert is fan doel de greiden dêr te bebouwen. Doarpsbelang Goutum is dêr op tsjin en begjint freed in kampanje tsjin de ûntwikkeling fan De Hem.

Petysje fan doarpsbelang Goutum tsjin wenningbou De Hem 700 kear tekene

It nij te bouwen buorskip is ûnderdiel fan de Súdlannen, de nijbou oan de súdkant fan de stêd Ljouwert. Earder makke Milieudefensie al beswier tsjin de bebouwing dêr, dat soe desastreus wêze foar greidefûgels. Milieudefensie hat dêroer ek in brief stjoerd oan de gemeenteried. Der libje tsientallen spantsjes greidefûgels yn it gebiet. It giet yn totaal mar om in greidegebiet fan acht bunder, mar dat lit neffens de beswiermakkers just de need sjen: dat fûgels dêr sa ticht opelkoar libje.

Frijwilligers hawwe dêrneist de ôfrûne jierren in soad dien om de greidefûgels yn it gebiet te beskermjen. Sa binne stekken pleatst om predatoaren lykas stienmurden en katten op ôfstân te hâlden.

Lêste grien behâlde

No freget ek it doarpsbelang fan Goutum oan de gemeenteried om ôf te sjen fan bebouwing. "Met name omdat er in Leeuwarden voldoende bouwlocaties zijn die verder zijn in de ontwikkeling, zoals Middelsee en Blitsaerd. Daarmee kunnen we de laatste groenruimte aan de zuidkant van Goutum besparen."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)