FIDEO: Henk is wei-ynspekteur op de Ofslútdyk: "Minsken springe my wolris om de nekke"

27 nov 2020 - 18:09

Henk de Jong fan Makkum is al sûnt 2002 wei-ynspekteur op de Ofslútdyk. Hy moat derfoar soargje dat op de sneldyk it ferkear goed trochstreame kin en dat it feilich is. As der kalamiteiten binne, soarget hy foar in feilige situaasje foar it ferkear. "It is geweldich wurk," sa seit de Jong, "hast in protte frijheid en do komst altyd del om de minsken te helpen."

FIDEO: De weiynspekteur

De ferskillen tusken in gewoane sneldyk en de sneldyk op de Ofslútdyk binne grut. "Dit is, om samar te sizzen, in dyk op see en dêrom hast folle mear mei de waarsomstannichheden te meitsjen. It waait hjir hurder, hast hjir somtiden kruiend iis, snie en it sicht kin hjir striemin wêze. It is hjir grilliger as op oare sneldiken yn Nederlân. Boppedat kinst it ferkear net even omride litte. As op de Ofslútdyk wat bart, stiet alles direkt muorrefêst."

Foar De Jong is dat de sjarme fan dit wurk: "It is tige útdaagjend. Somtiden binne minsken lilk, omdat sy lang wachtsje moatte foar in stikkene brêge. Mar ik haw ek meimakke dat minsken my om de nekke springe, omdat se sa bliid binne om my te sjen. No is dat net altyd de bedoeling, mar in stikje wurdearring is altyd moai fansels, haha."

De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)