Ferwûne nei't auto tsjin beam botst yn Drachtsterkompenije
By in ûngelok by Drachtsterkompenije is freedtemoarn ien persoan ferwûne rekke. De bestjoerder kaam mei de auto tsjin in beam oan de Alde Laweiswyk.
De bestjoerder is mei noch ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De plysje hat de dyk ôfsletten om ûndersyk te dwaan nei de oarsaak fan it iensidige ûngelok.