Friezen fytse nei Den Haag foar rjochtsaak tsjin Shell

Mei toeters, megafoans en in grutte globe sil in groep fytsers sneon fan Ljouwert nei Den Haag fytse en sponsorjild ophelje foar de rjochtsaak fan Milieudefensie tsjin Shell. 'Op de trappers voor de klimaatzaak' hjit it inisjatyf.
Dirk Kuiken fan Oentsjerk, ien fan de organisatoaren © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ek fytsers út Grins, Deventer, Utrecht en Eindhoven wei dogge mei om Milieudefensie te stypjen. Yn totaal easkje 17.000 minsken dat Shell folle mear oan it klimaat docht. Eltsenien kin meifytse salang't dy wol.

It foarbyld fan Urgenda folgje

Ien fan de organisatoaren, Dirk Kuiken út Oentsjerk, tinkt dat in rjochtsaak wol helber is. "Der binne wol mooglikheden. Fan de Urgenda-saak sei ek elkenien: dat wurdt hielendal neat. Dy hawwe se dochs wûn en no moat de Steat oan de bak. De advokaten hawwe goede hoop dat dat no ek sa is."
By dy Urgenda-saak waard de Steat ferplichte troch de Hege Ried om de útstjit fan broeikasgassen werom te bringen. Yn de saak tsjin Shell is de ynset dat Shell de koers feroaret en foldocht oan it Akkoart fan Parys.
De fytsers dogge der trije dagen oer om yn Den Haag te kommen. Lutz Jacobi fan de Waadferiening, ek ien fan de mei-easkers, jout sneon op it Saailân yn Ljouwert it startskot.