100 jier Abe Lenstra: "Hy behearske eins alles"

27 nov 2020 - 07:13

It is hjoed op de kop ôf 100 jier lyn dat Abe Lenstra berne is. De bêste Fryske fuotballer ea kaam op It Hearrenfean op de wrâld as soan fan Mindert Jans Lenstra en Janke Suierveld. "Hy koe eins alles", seit Johann Mast, sjoernalist by de LC en skriuwer fan it boek Abe.

Abe Lenstra - Foto: ANP

Dat Abe Lenstra de bêste Fryske fuotballer ea is, bestiet gjin twivel oer, neffens Mast. De fraach is hoe grut oft Abe dêrbûten wie. "Cruijff wurdt fansels ek altyd neamd. Dat snap ik wol, dy hat bûten Nederlân ek noch in hiel soad sjen litten. By Abe bliuwt de tragyk: yn Nederlân wie er in wrâldfuotballer, mar hy hat nea yn it bûtenlân spile. Dat hie er eins wol dwaan moatten."

Lenstra makke as 15-jierrige jonge syn debút yn it earste alvetal fan Hearrenfean en spile letter yn syn karriêre noch foar SC Enschede en Enschedese Boys. Mar dus nea bûten Nederlân. "Hy hat wol in hiel soad oanbiedingen hân yn syn karriêre", fertelt Mast. "Ut Italië, út Frankryk. Mar hy is hjir bleaun. Op It Hearrenfean siet er hiel goed op it gemeentehûs, hy hie eins genôch jild. Hy hie it hiel bêst."

De measte Nederlânske fuotballers dy't nei de oarloch nei it bûtenlân gongen, hienen it net hiel breed, fertelt Mast. "Dy woene foar wat sinten dan wol nei it bûtenlân. Abe hie de sinten net nedich en hy wie net aventoerlik. Dus hy woe wol, mar hy sei: set dy sinten mar op myn bankrekken. Dy garânsje koenen se him net jaan, dus hy keas foar sekerheid by Hearrenfean."

It fuotbal wie foar him wol belangryk, mar net sa belangryk dat er beslist nei it bûtenlân woe.

Johann Mast oer Abe Lenstra

Hoe goed Abe ek wie, it fuotbal wie foar him in prachtige bysaak, seit Mast. "Syn famylje wie foar him hiel belangryk. Ik ha hjoed in ferhaal mei syn dochter yn de krante, dêr blykt dat ek út. It fuotbal wie foar him wol belangryk, mar net sa belangryk dat er beslist nei it bûtenlân woe."

Wêrút blykt dat Abe sa goed wie? "Hy behearske eins alles. Hy koe mei beide fuotten hurd sjitte. Koest eins net sjen dat er fan himsels in rjochtspoat wie. Hy koe ek hiel goed koppe. Hy koe, krekt as Cruijff, oare spilers better meitsje. Hy lies it spul hiel goed, hy liet oaren better spylje."

Dizze wike dûkten unike kleurebylden op fan Abe yn it shirt fan Hearrenfean:

Unieke kleurenbeelden opgedeoken van Abe Lenstra in actie voor Heerenveen

Yn tsjinstelling ta bygelyks Maradona stie Abe hielendal net sa yn de skynwerpers. "Abe wie ek wol in fedette, mar Maradona wie dat wrâldwiid. Abe waard ek oanbidden, mar folle minder grutskalich. Dat is ûnfoarstelber. Abe wie hiel nochter, hy is altyd in nochtere Fries bleaun. Doe't er yn Enschede spile, kamen der kloften minsken by foar de doar stean. Mar hy feroare der net op. Hy bleau altyd himsels. Hy hie ek in famylje dy't him stipe."

Lenstra hold yn 1963 op as aktyf fuotballer. Yn 1977 hat er trije harsenbliedings hân, mar dêr is er hiel aardich fan opknapt, seit Mast. "Hy koe letter wer in bytsje rinne, it gong eins hieltyd in bytsje better. Syn ferstjerren yn 1985 kaam hiel ûnferwacht. Dat kaam ek net troch dy harsenblieding, mar in hertstilstân. Dat kaam hiel ûnferwacht, hy hat wat hiel moaie jierren hân op It Hearrenfean mei syn frou Hiltje."

Op freedtejûn 27 novimber 20:15, de dei dat Abe Lenstra 100 jier âld wurden wêze soe, stjoert Omrop Fryslân in ynterview út dat Willem Duys yn 1971 mei Abe hie yn syn ferneamde programma Voor de vuist weg.

De dokumintêre Dûnser mei de bal - 100 jier Abe Lenstra wurdt op 28 novimber útstjoerd troch NPO2 om 15.30 oere (werhelling snein 29 novimber om 13.10 oere). Op snein 29 novimber om 17.00 oere is de film te sjen by Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

(Advertinsje)
(Advertinsje)