Waadferiening wiis mei stappen minister tsjin nije kontenerramp

27 nov 2020 - 06:31

De Waadferiening is te sprekken oer de stappen dy't minister Cora van Nieuwenhuizen oankundige hat om in nije kontenerramp foar te kommen. Sa sil ek Dútslân by min waar kontenerskippen warskôgje net de súdlike farrûte oer de Noardsee te nimmen, krekt boppe de Waadeilannen.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Boppedat nimt de minister in soad oanbefellingen oer fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid en set se mankeminten by it fêstsetten fan konteners ynternasjonaal op de aginda. "We zijn er superblij mee", seit Ellen Kuipers fan de Waadferiening. "Het ziet er goed uit."

No fan alle kanten warskôging

Yn de praktyk betsjut ien fan de maatregels dat Dútslân no itselde belied fiert as Nederlân. Kuipers: "Bij gevaarlijke omstandigheden komen er zúlke krachten op de schepen dat de routes boven de eilanden onveilig zijn. Nederland waarschuwde de schepen dan als de schepen boven Texel voeren richting het Oosten, maar schepen vanuit Duitsland naar het Westen werden niet gewaarschuwd. Nu wel."

De súdlike farrûte wurdt net hielendal ôfsletten, mar dat begrypt Kuipers wol. "Als je alle schepen over de noordelijke route stuurt, zitten er ook weer nadelen aan. Die route is veel smaller."

De overheid moest een veel actievere houding aannemen en dat doet ze nu.

Ellen Kuipers fan de Waadferiening

Kuipers is benammen wiis dat der lang om let wat bart. "Beide routes zijn echt onveilig. De Onderzoeksraad Voor de Veiligheid zei dat de Nederlandse overheid het Waddengebied niet goed beschermt. De overheid moest een veel actievere houding aannemen en dat doet ze nu. Bijna alle aanbevelingen worden overgenomen."

Zoe-akkoart

Mar net alles slagget direkt: guon maatregels moatte yn ynternasjonaal ferbân ôfpraat wurde. Bygelyks om de grutte kontenerskippen feiliger te meitsjen en bettere kontrôles op it fêstsetten fan de konteners. "De minister schrijft dat ze de komende jaren internationaal invulling gaat geven aan de maatregelen. Dat zijn mooie woorden, maar wij pleiten voor een soort Zoe-akkoord: met alle partijen een akkoord sluiten om deze aanbevelingen langjarig na te streven."

Want Nederlân, Dútslân en Panama (it lân fan de MSC Zoe) ha no de kontenerramp meimakke, seit Kuipers, mar foar dy ynternasjonale oanpak moatte alle lannen mei skippen meiwurkje. "Dat is iets van de lange adem. Als er in het verleden iets gebeurde, kwam er een pact om allerlei maatregelen uit te voeren. Daarom willen wij nu ook alles vastleggen in een Zoe-akkoord. Nederland moet er heel hard aan trekken om alles uit te voeren wat hierin staat. Daarom moet alles worden worden afgesproken met onder andere reders en andere overheden."

"Ik slaap nog niet helemaal gerust"

Foar it grutste part is Kuipers dus wiis mei de aksjes fan de minister, mar se mist wol wat: "Je kunt nooit een ramp helemaal voorkomen. Als al die lading in zee ligt, moeten we ook goed voorbereid zijn. Daarom moet er een rampenbestrijdingsorganisatie komen, die de schade kan beperken door alles zo snel mogelijk op te ruimen. Daarvoor liggen er al anderhalf jaar lang aanbevelingen. Ik vind het zorgwekkend dat er twee jaar na de ramp nog geen concreet plan ligt hoe je met containerschepen om moet gaan. Ik slaap nog niet helemaal gerust."

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it 342 konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)