Eaststellingwerf wol mear monuminten en mear draachflak foar erfgoed

26 nov 2020 - 21:52

It kolleezje fan Eaststellingwerf fynt dat der 12 monumintale gebouwen oan de besteande list fan 86 gemeentlike monuminten taheakke wurde moatte. Ek soene de subsydzjeregels foar monuminten rommer en makliker moatte. De konklúzje fan it kolleezje is dat it draachflak by de ynwenners omheech moat om kultureel erfgoed te beskermjen.

Trije gemeentlike monuminten: arbeiderswenten oan de Herenwal yn Donkerbroek - Foto: Google Street View

Yn 2019 hat de gemeente in enkête holden ûnder eigeners fan gemeentlike monuminten. It die bliken dat der net in soad entûsjasme is foar de besteande subsydzjeregeling. De drompel moat leger. Want der is tefolle yngewikkeld papierwurk nedich en by lange projekten bestiet it risiko om subsydzje mis te rinnen.

Der moatte wer jonge monuminten by de list op komme. It giet om tolve, mar it kolleezje wol noch net sizze om hokfoar pannen it giet. Dit is om't it soarchfâldich en yn oerlis barre moat. De gemeente ferwachtet gjin finansjele problemen troch it taheakjen fan nije monuminten.

Draachflak foar erfgoed

Fierder moatte histoaryske grêven en grêftrommels better beskerme wurde, fynt it kolleezje. Ek moat it ûnderwiis mear belutsen wurde by it erfgoed en moat der mear op de Iepen Monumintedei ynspile wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)