Opsterlân wol doarpen stypje om takom jier sels fjoerwurkshows te hâlden

26 nov 2020 - 21:12

Gemeente Opsterlân wol yn in foarstel doarpen stimulearje om by de jierwiksel fan 2021 op 2022 sels fjoerwurkshows te organisearjen. Troch it ferbod op konsumintefjoerwurk meie ynwenners sels gjin fjoerwurk ôfstekke. It kolleezje ferwachtet dat in sintrale fjoerwurkshow bydrage kin oan de kohesy yn doarpen. Ek smyt ien show minder oerlêst op en is de kâns folle lytser dat der minsken ferwûne reitsje.

Foto: Shutterstock.com (NDAB Creativity)

Neffens it kolleezje jouwe in soad minsken oan dat sy graach in sintrale fjoerwurkshow sjen wolle. It foarstel is opnommen yn de nije subsydzjeferoardering foar âldjiersaktiviteiten. Mei in subsydzje foar ien kear soene ditsoarte show-inisjativen stipe wurde kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)