Ireen Wüst is opknapt en docht takom wykein mei oan NK sprint yn Thialf

26 nov 2020 - 20:24

Reedrydster Ireen Wüst docht takom wykein mei oan it NK sprint yn Thialf op It Hearrenfean. Ferline wike moast Wüst it NK allround oerslaan, dat hie te krijen mei in blaasûntstekking. De wedstriden om de Nederlânske titels wurde sneon en snein riden, de manlju en froulju ride twa kear de 1.000 en de 500 meter.

Foto: Orange Pictures

"We kunnen weer! Mijn herstel is goed gegaan de afgelopen dagen en ik kan van start tijdens het NK sprint dit weekend", hat Wüst witte litten. "Toekijken vorige week was frustrerend, maar dat is geweest. Kan niet wachten om mezelf weer te testen op het ijs."

De 34-jierrige reedrydster wûn yn 2017 foar it lêst de Nederlânske sprinttitel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)