Twizelerheide krijt ien nij gebou foar it ûnderwiis en de berne-opfang

26 nov 2020 - 18:39

Twizelerheide moat in nije basisskoalle krije. De gemeente Achtkarspelen wol de twa besteande skoallen ûnderbringe yn ien nij gebou. Dêr moat ek it pjutteboartersplak by yn komme, sa docht bliken út de plannen dy't tongersdei bekend makke binne.

Basisskoalle De Reinbôge yn Twizelerheide - Foto: Atze van der Ploeg

"Wy hawwe as gemeente it belied dat as wy sjogge nei in nij plak foar ûnderwiis, dat wy safolle mooglik byinoar sette wolle. Dus bygelyks de berne-opfang en pjutten by de basisskoalle. Sa krije je in moaie trochgeane learline foar bern," seit wethâlder Jouke Spoelstra fan Achtkarspelen. "Yn totaal giet it om in bedrach fan sa'n 2,9 miljoen, sa't it no liket."

Doarpshûs en sportklup

De wethâlder neamt it in boppeslach. Mar it eardere plan om de skoalle ek mei it doarpshûs en in sportakkommodaasje ûnder ien dak te bringen yn in 'multifunctioneel centrum' slagge net. Spoelstra: "It doarp woe der eins noch mear by klusterje. Dêr is in soad ynspanning foar levere, dat is hartstikke moai. Allinne it is te djoer, de finansjele romte is der op dit stuit net. Yn de moaiste situaasje soene je alles wol byinoar hawwe wolle. Wy hawwe net allinne nei it finansjele plaatsje sjoen, mar ek nei it draachflak. En op guon punten wie wol wat wjerstân yn it doarp."

Ynvestearring

Dêrom hat de gemeente der foar keazen om har foarearst allinne op it ûnderwiis te rjochtsjen. "Wy geane foar in IKC, in 'integraal kindcentrum.' Mar wy bliuwe wol yn petear mei it doarpshûs en de fuotbalklup. It doarpshûs ferliest in wichtige hierder troch it ferhûzjen. Dêr moat noch in oplossing foar fûn wurde, dêr't it doarp ek efter stiet. It hie it moaiste west as echt alles op ien plak komme soe, dus dêr sil fêst wol wat teloarstelling oer wêze. Mar op de langere termyn is dit al in grutte ynvestearring foar Twizelerheide."

Wethâlder Jouke Spoelstra fan Achtkarspelen

(Advertinsje)
(Advertinsje)