Wente oan Julianaleane yn Ljouwert sletten fanwege himpteelt

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat in hûs oan de Julianaleane yn Ljouwert slute litten fanwege drugskriminaliteit. De plysje fûn dêr in moanne lyn in himpkwekerij, mei 350 planten en allegear oar guod dat te meitsjen hat mei himpteelt, lykas koalstoffilters en knipmessen. It hûs giet foar trije moannen op slot.
© Shutterstock.com (New Africa)
It is de 32ste kear dit jier dat boargemaster Buma in hûs slute litten hat fanwege drugskriminaliteit.