Skoatterwâld pakt buertprevinsje grut oan foar de leefberens

26 nov 2020 - 18:08

Yn in soad strjitten binne tsjintwurdich chatgroepen foar WhatsApp-buertprevinsje. Mar yn de wyk Skoatterwâld op It Hearrenfean pakke se it grutter oan: dêr is in spesjale webside opset en de lytse 2.000 húshâldens yn de wyk krije allegearre in brief om harren oan te melden.

Foto: Wijkraad Skoatterwâld

"It is hjir net ûnfeilich, mar dat wolle wy hjir graach sa hâlde," seit Anne van der Meer fan de wykrie. "Wy sette útein mei WhatsApp-buertprevinsje, sa't wy inoar mei de telefoan alarmearje kinne as der wat is. Bygelyks as ien mist is, of as der dieverij is. Wy hawwe in webside opset foar de wyk foar it behear fan de ferskate groepen dy't der yn de wyk binne." Der hat ek oerlis oer west tusken de wykrie mei plysje en gemeente.

Leefberens

Mar dat is net it iennige wat der dien is. "Wy hawwe ek spandoeken ophongen en der wurde ek brieven ferspraat. De oanmeldingen komme rap binnen, ik tink dat wy no hast 400 dielnimmers hawwe. Mar der binne ek wol 2.000 huzen, dus der kin noch wol wat by. Leefberens is in wichtich tema, sa'n buertprevinsje is dêr ien ûnderdiel fan. Mar ek AED's hearre dêr bygelyks by."

Ferslachjouwer Ronnie Porte yn Skoatterwâld

(Advertinsje)
(Advertinsje)