Dútslân warskôget kontenerskippen by it Waad no ek by min waar

Ek Dútslân warskôget kontenerskippen dy't boppe de Waadeilannen farre wolle by min waar om dat net mear te dwaan. De Kustwacht yn Nederlân docht dat no al, mar minister Cora van Nieuwenhuizen meldt no dat ek skippen út Dútslân wei dy warskôging krije sille. It makket diel út fan in breed pakket oan maatregels dêr't de minister mei komt nei oanlieding fan de ramp mei it kontenerskip de MSC Zoe begjin 2019 wêrby't der 342 konteners oerboard giene.
Dútslân warskôget kontenerskippen by it Waad no ek by min waar
De Dútsers sette ein dizze moanne al útein mei it jaan fan warskôgingen. It giet dan net allinnich om de grutte kontenerskippen, mar ek twa type konterskippen dy't lytser binne. Yn 'e regel wurdt dêr goed nei harke. Mar dêr bliuwt it net by. De minister wol mei Dútslan en Panama oantrúnje op in bredere analyze om te sjen of de ynternasjonale regeljouwing ek oanskerpe wurde moat, mei it each op de skaalfergrutting yn de kontenerfeart de ôfrûne 20 jier.

Nije regels

Der sil ek by de International Maritime Organisation pleite wurde foar nije regels foar de stabiliteit fan grutte kontenerskippen. Boppedat moat der ynternasjonaal mear omtinken komme foar it goed fêstsetten fan konteners: it saneamde sjorjen. Dêr sil ek ekstra op kontrolearre wurde yn Nederlân. Ek wurdt der sjoen nei in foarm fan ferkearsbegelieding. It giet dan nei alle gedachten om in net ferplichte foarm fan ferkearsmanagement.
Skippen op de rûte fan Dútslân nei Nederlân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Wat net slagge is, is it hielendal ôfsluten fan de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen. Dêrfoar moatte de Dútsers en de Denen meiwurkje en dat is net slagge, sa skriuwt de minister oan de Twadde Keamer.
De bemanning fan de skippen moat ek better by steat wêze om yn te gripen. No witte sy bytiden net wat der oan dek bart. Dêrom moat der krektere apparatuer oan board komme dy't oanjout hoe bryk it skip komt te lizzen. Mei oare Europeeske lannen soene der ôfspraken makke wurde moatte oer it better rapportearjen en weromfinen fan konteners dy't yn see bedarje.
Frijwilligers en militairen romje it strân fan Skiermûntseach op yn jannewaris 2019 © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Ferslachjouwer Remco de Vries
Lês al it nijs oer de kontenerramp op ús dossierside.