Undersyk nei migraasje Waadeilannen: Flybiza foar âlde rikelju?

26 nov 2020 - 17:32

Komme der op de Fryske Waadeilannen hieltyd rikere minsken fan bûten te wenjen en triuwe se dêrmei de oarspronklike befolking nei efteren? Dat is ien fan de fragen dy't ûndersocht is yn it rapport Migratiedynamiek op de Waddeneilanden dat útfierd is yn opdracht fan de Waddenacademie. It rapport is tongersdei troch Meindert Schroor fan de Waddenacademie oanbean oan de boargemasters fan de Waadeilannen.

Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It docht bliken dat de befolking fan de Waadeilannen de ôfrûne 20 jier bot te krijen hat mei fergrizing en ûntgriening. Nijkommers, en hielendal de nijkommers út de Rânestêd, binne faak âlder as de minsken dy't fan de eilannen ôf geane. Ek binne dizze nijkommers riker. De groepen dy't fan de eilannen ôf geane binne faak húshâldingen mei bern of ienpersoanshûshâldingen.

Gjin gentrifikaasje

Der is sjoen oft der sprake is fan 'gentrifikaasje': dat der troch it opwurdearjen fan in omjouwing rikere minsken wenjen komme en dat de minder rike minsken ferdwine. Mar feitlik is der gjin 'gentrifikaasje' op de Waadeilannen, seit Schroor. De befolking is honkfêst: fan de ynwenners yn 2018 wenne 75 persint ek al yn 2000 op de eilannen. "Dat rike minsken de wat earmere eilanners nei efteren triuwe, dat is net sa. Der wiene wolris wat sinjalen yn dy rjochting. En der is ek wol wat ferkringing, maar dat sit him dochs yn oare dingen," seit Meindert Schroor. Dan giet it bygelyks om de wenningmerk. It is foar húshâldens bygelyks faak dreech om in hûs te finen.

Toeristesektor

Der binne wol ferskillen yn ynkommen. Schroor: "Wy hawwe de migraasje ûndersocht en it docht wol bliken dat der mear rikere minsken nei it eilân geane. Mar dy binne dochs net sa ryk as de eilanners sels. Yn trochsneed hearre de Waadgemeenten ta de rykste gemeenten. Dat hat fansels ek mei de toeristesektor te krijen."

De groep fan jongelju is tige dynamysk, jout hy oan. "It binne faak de rikere minsken út de Rânestêd dy't ek wat âlder binne. Der is wol in soad ferlet fan jonge wurknimmers op de eilannen, mar oarsom binne der ek jongelju dy't op de fêstewâl studearje bygelyks."

Meindert Schroor fan de Waddenacademie

(Advertinsje)
(Advertinsje)