Henk de Jong: "Gerald van den Belt is de bêste"

27 nov 2020 - 09:48

Cambuur spilet freed de thúswedstriid tsjin FC Den Bosch. Nei winst op topploegen as De Graafschap en Almere City moatte de Ljouwerters no oantrede tsjin de nûmer achttjin fan de kompetysje. Foar trainer Henk de Jong gjin inkelde reden om Den Bosch te ûnderskatten.

Henk de Jong

De Jong: "Dêr haw ik it wol oer hân mei de ploech. Wy moatte altyd hûndert prosint jaan en skerp wêze, want oars kinne alle ploegen fan ús winne. FC Den Bosch is in lestige tsjinstanner. Ik haw se spyljen sjoen tsjin De Graafschap. Sy hienen wat blessueres, mar der komme wer jonges werom. It besef by de jonges is der om dizze tsjinstanner net te ûnderskatten."

"Gerald van den Belt is de bêste"

Henk de Jong is net bliid mei it mooglik opstappen fan finansjeel direkteur Gerald van den Belt. "Gerald moat binnen de organisaasje fan Cambuur bliuwe. Hy is ien fan de bêste bestjoerders fan Nederlân. Sa'n man krijst nea wer. Hy is mei Ard de Graaf al tsien jier dwaande by Cambuur. Sokke minsken moatte binnenboard bliuwe. As hy fuortgiet, soe dat hiel ferfelend wêze. Gerald is de stabile faktor binnen Cambuur."

De Jong tinkt net dat hy noch ynfloed útoefenje kin op it bestjoer om Van den Belt binnen te hâlden. "Dat hat gjin nut. Ik ken de minsken dy't dit bepale net iens. It giet my om Gerald. In rêstpunt foar my as trainer. As dy fuortfalt, soe ik dat hiel ferfelend fine."

Issa Kallon

By Cambuur sil Michael Breij net yn de seleksje sitte, fanwege famylje-omstannichheden. Fierders hat trainer De Jong in grutte seleksje ta syn beskikking. Antonia spilet foar Breij. Fierders lit de trainer de basis yntakt.

Kallon op it paad werom

Issa Kallon is wer op it paad werom. De oanfaller rekke op 11 oktober yn de wedstriid tsjin FC Dordrecht blessearre oan de hamstring. Hy traint wer mei de groep mei en sit ek by de seleksje. Hielendal fit is hy lykwols noch net.

"Het gaat stukken beter. Ik ben nog niet helemaal topfit. Maar het gaat de goede kant op. De hamstring wordt steeds sterker, al had ik gehoopt dat het herstel sneller zou gaan. Maar ik kreeg ook last van de andere hamstring. Daardoor werd het proces verlengd."

De ferfanger fan Kallon, Giovanni Korte, docht it prima. Kallon is der bliid mei, sa seit er. "Dat vind ik fantastisch voor hem. Hij heeft een moeilijke tijd achter de rug. Hij is een goede vriend van mij en ik ben blij dat hij het zo goed doet en het team kan helpen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)