Operaasje Fryske Flagge: Jan Drost is de kening fan Kuşadası, Turkije

26 nov 2020 - 16:30

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Sa hinget Jan Drost de Fryske Flagge út yn Kusadasi, syn twadde thús yn Turkije.

Foto: Jan Drost

Nei in soad wurke te hawwen as lyts selsstannige, is Jan Drost 'heal oan it rintenierjen'. Nei eigen sizzen is der net hiel fanatyk oan it wurk, mar hy docht de moaie dingen noch wol, hy besiket de krinten derút te slinen. En fia syn wurk is der ek yn Turkije kaam.

"Ik ha in eigen boukundich advysburo, dan komme je ek wolris yn kontakt mei belizzers en ynvestearders. Dat is earst wat yn Nederlân, mar dy minsken hawwe ek wolris ynteresse yn in fakânsjepark yn it bûtenlân. Sa bin ik eins in bytsje yn Turkije terjochte kommen." Op it stuit kin Jan dêr sa'n bytsje de helte fan it jier trochbringe. In soarte fan oerwinterjen neamt er it, mar dan krekt efkes oars. "Wy dogge it krekt even oars as oaren: winterdeis en simmerdeis binne wy hjirre, en yn de maitiid en de hjerst binne wy dêr."

In paradys

En wêr is dêr? Op de foto liket it hast wol in paradyske. Jan fertelt oer hoe't er it plak tsjinkaam is. "Ik siet yn ûnreplik guod, dêr't ik in modelwente yn in fallyt fakânsjepark tsjinkaam. Dy passe my wol." Dat is no sa'n fyftsjin jier lyn. "No sitte wy yn in parkje mei tsien wenten, en dat is in lyts paradyske." It hûs stiet boppe-op in berch, yn in rêstige omjouwing, mar mei tsien minuten ride kinst yn it libben fan Kusadasi stean.

Wannear't er yn Turkije is, hat Jan ek altyd grutsk de Fryske flagge wapperjen. "As wy der binne, ha ik altyd prominint de flagge op de hoeke. Dan bin ik dêr in bytsje de lytse kening, want ús Willem-Alexander docht dat ek." En net allinne by it hûs, mar ek op Jan syn bagaazje binne de pompeblêden te sjen. "As earste is dat in moai werkenningspunt wannear'tst by de rinnende bân op Schiphol bist, mar it is ek altyd sa dat minsken dan sizze 'o, wer werom nei it heitelân ta'. En sa fielt dat ek."

Operaasje Fryske Flagge: Jan Drost

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 180 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)