Mei leafde stoofd: ideeën en in leasepanne foar in plestikfrij libjen

26 nov 2020 - 16:21

In soad minsken wolle yn dizze tiden de hoareka stypje troch bygelyks ris wat iten te bestellen om mei nei hûs te nimmen. Mar yn in tiid dêr't we ek sunich omgean moatte mei it miljeu, binne al dy ferpakkingen fan plestik en aluminiumfoly in ferfelende byfangst. Dat tocht ek Anja Haga fan Dokkum, âld-Steatelid foar ChristenUnie, dy't no besiket kompleet plestikfrij te libjen. En yn Harns besiket Eetcafé Nooitgedagt ek minder ôffal efter te litten.

Swalkoffal corona

Dêrom die Anja Haga in oprop op Facebook, op syk nei restaurants dy't der al mei dwaande binne. "Ik haw it noch net ûntdutsen, dus ik tocht: 'miskien is der ien dy't wit wêr't ik soks bestelle kin'", seit Haga. Op sa'n trije kertier riden fan Dokkum is in restaurant dat der al wol oer neitocht hat. Je bringe je eigen pantsje mei fan hûs, en Eetcafé Nooitgedagt yn Harns docht der iten yn.

Panne mei

It kin foar minsken wol in drompel wêze om mei in pantsje nei in restaurant te rinnen, mar neffens Haga helpt it as de restaurants sels dúdlik meitsje dat it gewoan kin: "As sy alles gewoan yn karton stoppe of oanjouwe dat je je eigen panne meibringe kinne, dan hoecht de persoan dy't him of har der ûngemaklik by fielt der ek net om te freegjen. Dat is dan gewoan al sa."

Anja Haga fertelt oer har ideeën

Eetcafé Nooitgedagt yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

'Met liefde gestoofd'

Sytske Rixt Oosterhof fan Eetcafé Nooitgedagt leit har idee om duorsumer iten te ferkeapjen út: "It hjit 'Met liefde gestoofd.' Wy meitsje alle wykeinen in lekkere stoofpot. Dy is ôf te heljen mei dyn eigen panne of mei in lease-panne foar fiif euro mei staasjejild. Ferline jier hawwe wy ek al in soad pop-up-foodbars dien. Doe seach ik al dat der in soad ôffal by sjen kaam. Der binne in soad manieren te betinken om it ôffal te beheinen. Ik haw dus sels in eigen konsept betocht. Foar fiif euro kinne je in moaie âlderwetske reade stoofpanne krije, dy kinne se fuortendaalks op it fjoer sette."

Feganistysk of fleis

Neffens Oosterhof binne de reaksjes fan de klanten posityf. It rint goed. "Wy hawwe ek in feganistyske- en in fleis-stoofpot. Je kinne dus kieze. Ek noch út twa bygerjochten. De minsken komme mei de moaiste pannen oansetten."

Sytske Rixt Oosterhof fan Eetcafé Nooitgedagt

(Advertinsje)
(Advertinsje)