Motorplysje trappearret man op elektryske autopet yn Ljouwert

26 nov 2020 - 15:53

In man fan 44 jier út Ljouwert is tongerdeitemoarn syn autopet kwytrekke. De plysje soe de man op syn elektryske step op de Henri Dunantwei kontrolearje, mar hy naaide út. In motorplysje koe him achterhelje.

Foarbyld fan in elektryske autopet - Foto: creative commons

De man krige in bekeuring omdat syn autopet net goedkard wie en ek net fersekere. Syn autopet is yn beslach naam.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert autopet
(Advertinsje)
(Advertinsje)