Natuerskea troch stikstof nimt ôf op plattelân, mar net yn natuergebieten

26 nov 2020 - 15:49

Undersyk nei koarstmoassen wiist út dat de stikstofskea oan de natuer op it plattelân yn Súdeast-Fryslân ôfnimt: allinnich de natuergebieten profitearje dêr net fan. Dat docht bliken út in rapport fan de Bryologische en Lichenologische Werkgroep (BLWG) dat yn opdracht fan de provinsje makke is. De wurkgroep kontrolearret 252 ikebeammen dy't mei-inoar in mjitnetwurk foarmje wêrmei't je goed sjen kinne wat der mei stikstof bart.

Undersiker Henk-Jan van der Kolk hâldt koarstmoassen op iken yn Haulerwyk yn de gaten - Foto: Laurens Sparrius

De beammen stean benammen op de sângrûnen yn Súdeast-Fryslân en Gaasterlân, mar der is ek sjoen nei Noardeast-Fryslân. Op it plattelân fan Súdeast-Fryslân binne de stikstofeffekten op grutte skaal ôfnaam. Yn Gaasterlân, Noardeast-Fryslân en de doarpen sjogge je lokaal dat it tal koarstmoassen dat it goed docht op in soad stikstof oan it tanimmen is.

By natuergebieten is de stikstofbelêsting wol ôfnaam, mar net genôch om in ferskil te meitsjen. De natuer dêr hat noch hieltyd lêst fan tefolle stikstof. Dan giet it bygelyks om it Drents-Friese Wold of de bosken fan Gaasterlân. Dêr nimt it oantal moassen ôf dat net goed oer stikstof kin.

Tefolle stikstof

Tefolle stikstof yn de natuer betsjut dat guon seldsume soarten planten, ynsekten en úteinlik ek fûgels ferdwine dy't al hiel lang by Fryslân hearre en dy't earme grûn nedich hawwe. Stikstof fersteurt dy balâns wêrtroch't bygelyks soarten gers der oerhân krije dy't it wol goed dogge op in ryk dieet fan stikstof. Om de finger oan 'e pols te hâlden wurdt der op tasjoen hoefolle dong benammen melkfeehâlders produsearje, want sy hawwe in grut oandiel yn it ûntstean fan stikstof.

Undersiker Laurens Sparrius

(Advertinsje)
(Advertinsje)