Unbekende lito's ûntdutsen fan Gerrit Benner

26 nov 2020 - 15:05

Galeryhâlder Jan Reinder Adema fan Damwâld hat fiif ûnbekende wurken fan keunstner Gerrit Benner ûntdutsen en kocht. Benner is ien fan de bekendste Fryske keunstskilders. Hy libbe fan 1897 oant 1981. Ferskate musea hawwe wurk fan him.

Gerrit Benner

De lito's, op stien set wurk dat mei in gemysk prosedee ôfdrukt wurdt, binne ekspresjonistyske lânskippen, delset mei in pear streken. Adema kaam de wurken op it spoar troch in befreone galeryhâlder yn Amsterdam. Dy wiisde Adema op it wurk fan de litodrukker, in masterprinter fan keunstwurken en dy hie dizze fiif lito's te lizzen.

Ien fan de lito's fan Gerrit Benner - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Aldtsjerk en Australië

"Se binne unyk, omdat se ek it wettermerk fan de masterprinter hawwe en syn namme, Fred Genis, stiet achterop", seit Adema. Fred Genis hat wurk fan ferskillende keunstners oer de hiele wrâld ôfdrukt, lykas fan John Cage, Lucebert, Willem de Kooning en dus fan de Fryske keunstner Benner. Hy wurke en wenne ûnder oare yn Amearika, Brazilië en ek yn Aldtsjerk. Letter emigrearre Genis nei Australië. Adema socht kontakt en frege nei de lito's en oft Genis se ek sinjearje woe. Dat hat er dien en doe hat Adema se kocht.

Digitalisearje

De krekt ûndutsen lito's fan Gerrit Benner binne fan nije wike freed ôf te sjen yn de galery fan Adema. Hy is optein oer syn nije oanwinsten. "In stik of fjouwer dêrfan haw ik nea earder sjoen, net yn de boeken, net yn eksposysjes en ek net op ynternet. Dat is hiel bysûnder. Ik wol net alles yn ien kear ferkeapje as ien mei in grutte ponge mei jild seit: Jou my se mar. Ik fyn it leuk dat elkenien derfan geneitsje kin." Adema wol de lito's digitalisearje, sadat se download wurde kinne fan syn webside.

Ferslachjouwer Ronnie Porte yn petear mei galeryhâlder Jan Reinder Adema

(Advertinsje)
(Advertinsje)