De Fryske Marren hellet takom jier sels âld papier op

26 nov 2020 - 15:03

Gemeente De Fryske Marren sil tenei sels it âld papier yn de gemeente ophelje. Oant en mei desimber wurdt it âld papier op in diel fan de rûtes noch troch skoallen en ferieningen ophelle, mar yn ferbân mei de legere priis foar âld papier kin dat dêrnei net mear út. Alle ynwenners fan de gemeente krije fergees in âldpapierkontener, dy't fan 2021 ôf oan ien kear yn de fjouwer wiken lege wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De priis foar âld papier is mei yngong fan takom jier folle leger. Foar de skoallen en ferieningen dy't it no ynsammelje, kin dat dan net mear út. Foar harren is der in kompensaasjeregeling, sa't de ynsammelers noch in skoft in ynkomsteboarne hawwe.

In diel fan de húshâldens yn De Fryske Marren hat al in âldpapierkontener. De húshâldens dy't dat noch net hawwe, krije de kommende wiken fergees ien fan de gemeente. De kontener giet fan 1 jannewaris 2021 ôf oan yn gebrûk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)