SC Cambuur betellet hege priis foar weromkommen Ype Smid

26 nov 2020 - 14:59

Ype Smid komt werom by SC Cambuur. De earefoarsitter dy't 7 jier lang oan it roer stie en begjin 2018 ôfskie naam fan de klup, wurdt moandei foardroegen as nije foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen. Gerald van den Belt sil dan bekend meitsje dat hy Cambuur ferlitte sil.

SC Cambuur betaalt hoge prijs voor terugkeer Ype Smid

Ien fan de agindapunten takom moandei yn in digitale gearkomste fan it Stichtingsbestjoer, de Ried fan Kommissarissen en de direksje is de foardracht fan Ype Smid. Pikant is dat it Stichtingsbestjoer en de Ried fan Kommissarissen en de direksje al langere tiid net op ien line sitte.

Ein septimber hat it Stichtingsbestjoer oan de ried frege wat sy fynt fan de foardracht fan Ype Smid as nije foarsitter. De ried bestiet út trije leden (Jan Koster, Bert Hollander en Harry van der Zee) en wie unanym: sy fûnen dat gjin goed idee.

Ek de direksje wie unanym tsjin in weromkommen fan Ype Smid. Dochs leit it Stichtingsbestjoer dit negative advys del.

Ype Smid yn 2015 - Foto: Orange Pictures

As Ype weromkomt, dan stap ik fuortendaalks op.

Jan Koster, kommissaris

Opstappen Gerald van den Belt

Neffens kommissaris Jan Koster stiet in weromkommen fan Ype Smid foar 100 persint fêst. "Ype wurdt foardroegen troch it Stichtingsbestjoer en dêrnei moat dyselde Stichting dêr in beslút oer nimme. As Ype oannaam wurdt, dan lûk ik myn konklúzje en stap ik fuortendaalks op", sa seit Koster.

Net allinnich Koster stapt op, ek Harry van der Zee stapt út de ried as moandei dúdlik wurdt dat Smid de foarsitter wurdt. Wêrom't de ried it net sitten sjocht yn Ype Smid, dêr is Koster net dúdlik oer: "Dêr hawwe wy wichtige arguminten foar, mar ik wol dêroer net yn detail trede."

De kâns is hiel grut dat direksjelid Gerald van den Belt moandei bekend meitsje sil dat hy Cambuur ferlitte sil.

Foarsitter fan it Stichtingsbestjoer, Cees Anceaux, hat yn de Leeuwarder Courant sein dat it him net bekend is dat Smid foarsitter wurdt en dat hy ek neat wit fan in fuortgean fan wa dan ek. Dochs is de foardracht fan Smid ien fan de agindapunten fan de algemiene gearkomste fan takom moandei.

Ferslachjouwer Arjen de Boer

Kees Elzinga, foarsitter fan supportersferiening Kern van Cambuur

(Advertinsje)
(Advertinsje)