HEA! De lêste 'moaie rommel' fan de bútsoeker

26 nov 2020 - 14:48

Jierren hat Leendert Ferwerda by de Waadseedyk socht nei oanspield guod. De 'Biltske bútsoeker' boude sa in hiele kolleksje op fan driuwers, netten, boeien, mar ek fan bysûndere fynsten. Lykas it 'lyk fan Swarte Haan', dat letter in opblaaspop bliek te wêzen. Mar de jutter moat syn bút no opromje. Rekreaasjebedriuw De Seedykster Toer by Marrum is ferkocht, dêr't alles útstald stie. En dat giet Ferwerda dochs wol oan it hert.

HEA! Bútsoeker Leendert

(Advertinsje)
(Advertinsje)