RIVM: 75 nije coronabesmettings yn Fryslân; ien persoan ferstoarn

26 nov 2020 - 14:38

Der binne de ôfrûne 24 oeren 75 nije coronabesmettingen meld yn Fryslân. Dat docht bliken út sifers dy't it RIVM tongersdeitemiddei publisearre hat. It binne minder besmettings as woansdei, doe wiene it der 94. Der is ien persoan ferstoarn oan it coronafirus yn it ôfrûne etmiel.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte nije gefallen waarden meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (17) en yn Ljouwert (14). Der is ien persoan ferstoarn yn de gemeente Hearrenfean. Der binne gjin nije sikehûsopnames by kaam.

Sjoch op ús dossierside foar in folslein oersjoch fan de resinte coronasifers yn Fryslân.

Lanlik

Lanlik binne der 4.506 nije besmettingen by kaam. Dat binne der likernôch 500 minder as woansdei. It totaal oantal befêstige besmettings yn Nederlân kaam tongersdei boppe de heal miljoen út. Sûnt it begjin fan de útbraak binne goed 503.000 minsken posityf test.

(Advertinsje)
(Advertinsje)