Habtamu de Hoop út 'e skroeven mei plak op PvdA-kandidatelist: "Waansinnich heech!"

26 nov 2020 - 13:10

Hy is tankber foar it prachtige plak op de list en wol fol enerzjy kampanjefiere foar in earlik en fatsoenlik Nederlân. Mei dizze wurden omskriuwt Habtamu de Hoop syn ferkiezing op plak 10 op de kandidatelist fan de PvdA yn de Twadde Keamer: "Ik bin der hiel bliid mei. It is waansinnich heech!", ljochtet de Fries ta. Hy groeide op yn Wommels en wennet no yn Easterein.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

De Hoop is de heechst notearre Fries op de kandidatelist fan de PvdA foar de Twadde Keamerferkiezings. De 22-jierrige sit foar de PvdA yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân. Lanlik waard er bekend as presintator fan Het Klokhuis, mar hy ferkiest de polityk no boppe it presintearjen.

Op sosjale media skriuwt De Hoop dat hy yn syn libben in soad gelok hân hat. As poppe waard hy te fûnling lein yn Etiopië, wêrnei't er adoptearre waard. Mei leafde groeide hy op yn Fryslân en dy leafde wol hy weromjaan, sa skriuwt hy.

"Ik bin net allinnich bliid foar mysels, mar ek foar Fryslân!", seit De Hoop. "We hawwe altyd moai hege kandidaten hân yn Fryslân, mei Lutz (Jacobi, red.) fansels. De ôfrûne perioade wie dat net sa, mar no hawwe we dêr wer kâns op. Dat liket my foar ús allegear hiel goed."

Sit yn Twadde Keamer

Yn it ferkiezingsprogramma fan de PvdA is ek omtinken foar Fryslân, wêrûnder foar de Lelyline en de beskerming fan it Waadgebiet. "Ik wol ek sjen litte dat Fryslân net akseptearret dat de leefberens efterút giet. Dêr striid ik no al foar yn de gemeenteried, mar der moatte ek minsken wêze dy't dat yn Den Haag dogge."

Oft De Hoop echt in plak krijt yn de Twadde Keamer is ôfwachtsjen, om't de PvdA op it stuit njoggen sitten hat. De Hoop is lykwols posityf. "Wy stean yn de peilingen op it stuit op tusken de 12 en 16 sitten en ik ferwachtsje dat dat der mear wurde. Ik gean derfan út dat it slagje sil."

22 jier

De 22-jierrige Fries soe graach sjen dat minsken him it fertrouwen jouwe om harren te fertsjintwurdigjen. Fanwegen syn jonge leeftiid kin him in gebrek oan ûnderfining ferwiten wurde, mar sels seit er al wat yl yn 'e hannen te hawwen. "Ik ha al trije jier ûnderfining opdien, ek mei minsken dy't al folle langer yn de ried sitte, dus dat bin ik al wend."

Neffens De Hoop hawwe jongeren genôch yn te bringen en fertsjinje se it om heard te wurden. "Der binne jongeren dy't opstean. It is foar it earst sûnt de jierren 60 en 70 dat jongerein him wer sa hearre lit. Ik krij dy kâns no en ik gean derfoar. Dus wat my oanbelanget is leeftiid hielendal gjin drompel."

Hokker portefúlje De Hoop krijt, is noch net dúdlik. "Litte we earst mar in moaie ferkiezingsútslach delsette, dan sjogge we dêrnei fierder."

Habtamu de Hoop oer syn kandidaatstelling

Christa Oosterbaan - Foto: Omrop Fryslân

Oare Friezen

Christa Oosterbaan (44) is fraksjefoarsitter fan de PvdA op Skylge en stiet op plak 20 fan de list.

Op plak 19 fan de PvdA-kandidatelist stiet de 28-jierrige Bart van Bruggen. Hy groeide op yn Fryslân en gie nei skoalle op it RSG Magister Alvinus yn Snits. Hy wurket op it stuit by Patiëntenfederatie Nederland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)