Lêste dagen fan museum Hert fan Fryslân yn Grou

26 nov 2020 - 12:15

It museum Hert fan Fryslân yn Grou is syn lêste dagen yngien. It streekmuseum is takom snein foar de lêste kear iepen foar publyk en giet dêrnei definityf ticht. It kin net mear út. Minsken dy't der noch hinne wolle, hoege harren net yn it foar oan te melden. Wol in mûlkapke meinimme, want dat is ferplicht yn it museum.

Lêste dagen fan museum Hert fan Fryslân yn Grou

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn it museum Hert fan Fryslân

It museum siet oant novimber twa jier ferlyn fergees yn it eardere gemeentehûs yn Grou. Sûnt it gebou yn partikuliere hannen oergien is, moat der hier betelle wurde. De yntreejilden fan de 1.000 oant 1.500 besikers yn in normaal jier binne te min op út te kinnen, fertelt Bauke Hooghiemster fan it museum. Mei de corona binne de ynkomsten noch leger.

Nei de sluting moat de kolleksje fan 6.000 stiks útsocht wurde. Dêr moat in kearnkolleksje fan oerbliuwe dy't in plak kriget yn in nij te bouwen multyfunksjoneel sintrum, sa is it doel. Al it oare giet werom nei de eigeners fan wa't se it yn brûklien hawwe of nei histoarysk sintrum HCL yn Ljouwert. De kommende twa jier sil dat syn beslach krije.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Hooghiemster tinkt dat it wol klearkomt: "Wy hawwe in pear tige aktive bestjoersleden mei museale kennis. Dy rêde it wol op. It wurdt wol in poepetoer, mar it slagget grif."

It is net de bedoeling dat der stikken weismiten wurde: "Wy witte net wêr't alle brûklienstikken weikomme en dus wer hinne moatte. Wy bestean fan 1956 ôf en de administraasje wie yn de earste jierren net optimaal. Mar it is seker net de bedoeling om it guod nei de dwinger of de kringloop te bringen."

Skedel is fan in frou (25-40 jier) - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Bauke Hooghiemster: Hjir leit in skedel fan in frou út it jier 800

Trefwurden: 
Grou museum Hert fan Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)