Frijspraak en selstraf ûnder betingst easke foar ûntfiering en mishanneling Griene Stjer

26 nov 2020 - 11:37

Trije Ljouwerters dy't fertocht wurde fan ûntfiering en mishanneling fan in 19-jierrige Grinzer yn de Griene Stjer by Ljouwert septimber foarich jier hoege, wat justysje oanbelanget, net de sel yn. De offisier fan justysje easke tongersdeitemoarn frijspraak foar ien fan de fertochten. Tsjin de oare twa wurde selstraffen ûnder betingst easke.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It part fan de straf sûnder betingsten hawwe beiden al yn foararrest achter de traaljes trochbrocht. Freed folget de eask foar de oare trije fertochten, ûnder wa in 27-jierrige Ljouwerter dy't in haadrol spile hawwe soe by dit misdriuw op 13 septimber foarich jier.

Achterlitten yn in sleat

It doe 18-jierrige slachtoffer fan Grins waard doe nei de Griene Stjer yn Ljouwert brocht. Yn de auto waard hy ûnderfrege oer in himpdeal dêr't tûzen euro spoarleas by ferdwûn wie. Yn it rekreaasjegebiet waard de Grinzer fêstbûn en syn eagen en mûle waarden mei ducttape tichtplakt. Hy waard slein en skopt, mei terpentine oergetten en úteinlik yn in sleat smiten. Hy slagge deryn himsels te befrijen.

Besykjen ta deaslach net bewiisd

Wa't no krekt wat dien hat, is foar it Iepenbier Ministearje net hielendal dúdlik. Fiif fan de seis fertochten ûntkenne dat se de Grinzer ûntfierd en mishannele hawwe. De offisier fan justysje sei tongersdeitemoarn yn syn rekwisitoar dat it besykjen ta deaslach net bewiisd wurde koe by de trije fertochten dy't tongersdei harren eask hearden.

Frijspraak

Wol is der neffens him bewiis foar ûntfiering en iepenlike geweldpleging. Dêrom easke hy by twa fertochten selstraffen ûnder betingst. De tredde fertochte gie folslein frijút om't hy pas letter yn de Griene Stjer arrivearre om syn pinpas op te heljen.

"Hij wordt echter wél door een aantal medeverdachten in de buurt van het slachtoffer gezien als daar geweld tegen wordt gepleegd, maar niemand verklaart dat ze hem zelf daadwerkelijk iets hebben zien doen richting het slachtoffer", sei de offisier fan justysje, dy't dêrom folsleine frijspraak easke foar de 27-jierrige fertochte.

Freed krije de advokaten en de fertochten noch it wurd. De útspraak is op 18 desimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)