Tsjûge delstoart Amerikaansk fleantúch by Sint-Nyk ûntbleatet tinkstien

26 nov 2020 - 11:21

Tusken Sint-Nyk en Dunegea wurdt tongersdeitemiddei in plakette ûntbleate ta oantinken oan fjouwer Amerikaanske fleaners. Dy kamen op 26 novimber 1943 om it libben by de twa doarpen doe't harren bommewerper delstoarte. De ûntbleating wurdt dien troch Akke Nijholt-Postma dy't as 13-jierrich famke it fleantúch delkommen seach.

Foto: Commissie Eerbetoon Las Vegas Wreker

It fleantúch, dat yn opdracht fan Ingelân nei Bremen flein wie, krige op de weromreis technyske mankeminten en waard troch de Dútsers besketten. It tastel is doe delkommen, mei as gefolch dat fjouwer fan de ynsitters omkamen. "De oare seis sprongen mei de parasjute út it fleantúch. Sy binne letter troch de Dútsers oppakt", fertelt Harry Nota fan Sint-Nyk. "De plakette is foaral foar de fjouwer dy't doe omkaam binne."

Dat de Amerikaanske bommewerper al 77 jier lyn delstoart is, makket in tinkstien net minder wichtich, fynt Nota. "Se hawwe foar ús it libben litten, dat fertsjinnet seker in betinkingsteken."

Yn formaasje

Eins soe de plakette al yn maaie ûntbleate wurde, mar fanwege it coronafirus koe it doe net trochgean. Ek tongersdei sil de groep oanwêzigen mar lyts wêze. Sa kinne de neibesteanden fan de Amerikanen der bygelyks net by wêze. Wol sille der nei alle gedachten fjouwer F-16's, dy't fan Eindhoven nei Ljouwert fleane, yn formaasje oer de twa doarpen hinne komme. "Dat is dochs echt wol bysûnder, want dat bart net sa faak mear," seit Nota.

Harry Nota oer de plakette by Sint-Nyk en Dunegea

(Advertinsje)
(Advertinsje)