FrieslandCampina skrast hast 200 banen yn Dútslân

26 nov 2020 - 09:41

Suvelkonsern FrieslandCampina skrast yn Dútslân 195 banen. De arbeidsplakken ferdwine op de produksjelokaasjes yn Heilbronn en Keulen. Dêrby besiket it bedriuw foar de troffen meiwurkers oar wurk binnen of bûten FrieslandCampina te sykjen, maar twongen ûntslaggen binne net útsletten.

Friesland Campina - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De banereduksje is ûnderdiel fan in gruttere reorganisaasje dy't de koöperaasje fan melkfeehâlders earder dizze moanne oankundige. Troch de coronakrisis sjocht it konsern him twongen besparringsmaatregels rapper troch te fieren, wêrtroch't fan de 24.000 banen der sa'n 1.000 ferdwine yn Nederlân, België en Dútslân.

Wolvegea

Yn Nederlân naam FrieslandCampina al it beslút om syn finansjele ôfdieling yn Wolvegea te ferhûzjen nei Boedapest. Dit hat gefolgen foar in flink tal meiwurkers.

Prizen foar molke en oare suvelprodukten giene direkt bot omleech nei it útbrekken fan de pandemy, trochdat de ôfset oan hoareka stilfoel. Dêrby kamen de winstmarzjes ûnder druk te stean, wêrtroch't it konsern de kosten ferleegje wol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)