Brune float wachtet noch altyd op taseine coronastipe

26 nov 2020 - 07:42

De brune float wachtet noch altyd op de finansjele stipe dy't it regear tasein hat yn ferbân mei de coronakrisis. De oerheid luts 15 miljoen euro út foar 'farrend ergoed', mar joech dêrby net in krekte omskriuwing fan wat dêr krekt mei bedoeld wurdt en wa't der rjocht hat op de stipe. Beropsferienings giene dêrfoar om tafel mei de oanbelangjende ministearjes.

Brune float wachtet noch altyd op taseine coronastipe

De oerheid stelde it jild beskikber fanwegen de histoaryske wearde fan de brune float. Oant no ta hat lykwols noch net ien skipper jild op de bankrekken byskreaun krigen. Neffens Paul van Ommen, direkteur fan Belangenvereniging Beroeps Zeilschippers (BBZ), leit it him deroan dat net dúdlik is hokker skippen ûnder de regeling falle.

Dy kritearia moatte earst dúdlik wurde. "Onze vereniging heeft de criteria op een rijtje gezet en het ligt nu bij het ministerie. Daar moet alles juridisch en technisch worden bekeken en geregeld", seit Van Ommen.

Brief

Yn april stjoerde BBZ de earste brief oan it ministearje wêryn't se frege om stipe. "Toen zagen we al dat het verkeerd ging en dat het geld met grote snelheid uit de sector stroomde."

Neffens Van Ommen ferskilt de finansjele situaasje bot foar eltse skipper. "Ik weet van sommigen dat ze echt aan een zijden draad hangen en het erg moeilijk hebben. Zij schrapen de boel bij elkaar om de maanden door te komen. Anderen staan er weer ietsjes beter voor."

It ministearje hat oanjûn sa'n acht oant tolve wiken nedich te hawwen foar it fêststellen fan de kritearia. Nei alle gedachten kinne de oanfragen dan yn jannewaris de doar út. "Wij proberen duidelijk te maken dat er sprake is van urgentie, maar ik kan me voorstellen dat het een kwestie van zorgvuldigheid is."

Paul van Ommen

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
(Advertinsje)
(Advertinsje)