In stikje Aldfrysk yn Maasland ûntdutsen: midsiuwsk Frisisme yn Súd-Hollân

25 nov 2020 - 22:15

Der is in stikje Aldfrysk yn Súd-Hollân ûntdutsen. Yn Maasland leit in strjitte mei de namme Langetaam. Ut ûndersyk fan Peter-Alexander Kerkhof docht bliken dat dizze namme weromgiet op tam, in Aldfryske lânskipsnamme foar 'de wâlskant fan in kreek dêr't fiske wurdt.' It is dêrmei in nij ûntdutsen midsiuwsk Frisisme yn Súd-Hollân.

Maasland - Foto: Shutterstock.com (Sandor Gora)

Yn it ferline wiisde de namme net op in strjitte, mar op in gebiet dat folle grutter wie. Doe't de Dijkpolder by it doarp Maasland yn de tolfde iuw opnij ynrjochte waard as ûntginningsgebiet, bleau de namme Langtaem bewarre as gebietsnamme foar de noardlike west-wâlskant fan it wetter de Zuidgaag. Letter rekke de namme ferweve mei buorkerijen yn dy hoeke fan it doarp, en dêrút is ek úteinlik de strjitnamme oerbleaun.

Sirka 1360

It giet yn Maasland eins om de perseelnamme Langtaem. De âldste boarne dêr't de namme yn foarkomt is in midsiuwsk lienregister út 1480. Dêryn wurdt de Lantam neamd, mar de oarspronklike lienbrief dêr't de boarne nei ferwiist giet werom op de tiid om it jier 1360 hinne. It wurdt liket op it Middelnederlânske wurd toom, dat ek noch wol foarkomt yn nammen.

Hollânske dialekten

De âlde fjildnamme Langtaem is neffens Kerkhof nuver yn ferliking mei oare polderfjildnammen yn de provinsje Súd-Hollân. Dêrom tinkt er dat it eins giet om in âlde lânskipsnamme mei in saneamde 'Aldfryske klankstân.' Kerkhof sjocht der in spoar yn fan de Frysktaligens yn de Maaslandgouw yn it iere ferline. Yn lettere perioaden binne de measte Aldfryske wurden nei de eftergrûn drukt troch Hollânske dialekten.

Oantinken oan de Frysktaligens

"Uiteindelijk herinnert alleen deze straatnaam nog aan de historische Friestaligheid van deze oude heerlijkheid in Midden-Delfland," sa beslút Kerkhof syn artikel. De namme Langtaem bleau oer, as in oantinken oan de âlde funksje en de eardere Frysktaligens fan de boeremienskippen yn de Dijkpolder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)