438 miljoen euro út Europeeske fûnsen foar Noard-Nederlân

26 nov 2020 - 09:17

Fryslân, Grinslân en Drinte krije as regio Noard-Nederlân mei-inoar 438 miljoen euro út it Europees Fonds voor Regionale Ontwikkeling en it Just Transition Fund. It jild foar it Noarden is foar de perioade 2021-2027. De provinsjes hawwe yntinsyf gearwurke om dit foarinoar te krijen. Deputearre Sander de Rouwe is wiis mei it jild.

Foto: SNN

It Just Transition Fund rjochtet him op de enerzjytransysje. Der giet 330 miljoen nei it Noarden, benammen nei de provinsje Grinslân dêr't de problemen mei de gaswinning it slimste binne. Om't dy gaswinning ophâldt, moatte der mei dit fûns nije banen komme.

It Europees Fonds voor Regionale Ontwikkeling giet wer mear nei Fryslân en Drinte, mei it jild moat der ûnder oare mear ynnovaasjekrêft fan it mkb opset wurde. It jild is om ûntwikkeling en ûndersyk te stimulearjen. Ek op it mêd fan de transysje nei duorsume enerzjy. "Dêr komt goed 100 miljoen foar beskikber", leit deputearre Sander de Rouwe út.

Goede plannen

Dat jild is benammen foar lytse bedriuwen. "Bygelyks Hydraloop út Ljouwert. Dat makket hiele moaie technyk mei skjin wetter en giet no de wrâld oer en wint prizen. Sy binne begûn mei in lytse bydrage fan de provinsje en de EU." Neffens de deputearre moat it jild mear wurkgelegenheid opsmite.

Bedriuwen dy't yn oanmerking komme wolle foar it jild moatte neffens De Rouwe mei goede plannen komme. "It jild útjaan is gjin doel op himsels. Der moatte goede plannen oan hingje. Dus wy moatte no faasje meitsje mei goede plannen."

Ambysjes

De Rouwe hopet dat it Noarden oer sân jier gjin efterstân mear hat yn ferliking mei de oare parten fan it lân. It is in part fan mear ambysjes fan it Noarden, dêr't bygelyks ek de Lelyline by heart as spoarferbining tusken it Noarden en de Rânestêd.

Deputearre Sander de Rouwe

(Advertinsje)
(Advertinsje)