'Maradona fan de Wâlden' betinkt Maradona: "Hy koe net mear stikken"

Ald-fuotballer Diego Maradona is op 60-jierrige leeftiid ferstoarn. De Argentyn ferstoar oan in hertstilstân, mar syn sûnens wie al in tiid min. Maradona wie in fuotbalikoan, ien fan de bêste spilers ea. "It is tige treurich. Hy hat in soad betsjut foar it fuotbaljen. Ik tink dat hy yn syn kategory de bêste fuotballer ea wie. Ik moat noch mar sjen oft ien him noch benei komme kin," seit âld-fuotballer Oebele Schokker, dy't de bynamme 'Maradona fan de Wâlden' hat.
© ANP
Schokker hat ûnder oare foar Harkemase Boys en SC Cambuur spile. Dat hy de bynamme 'Maradona fan de Wâlden' krige, sjocht hy as in eare. "It wie gjin minne fuotballer. Eins is it foar myn tiid, ik bin mear fan it Messi-tiidrek. Mar yn dy bylden dy't ik fan him sjoen haw wie hy like goed, of sels better. Dus it is in hiele eare as je sa'n bynamme krije. It tekenet wol dat minsken ek wiis mei my wiene."

"Hy koe net mear stikken"

As trainer hie de échte Maradona in minder goede namme. Hy waard in pear kear útsluten fanwegen it brûken fan kokaïne en hie ferskate sûnensproblemen. Ek syn nuvere hâlden en dragen foel op. Dochs bleau it in fenomeen, jout Schokker oan. "As je wrâldkampioen wurde yn je ientsje, dat is wol in prestaasje. Hy koe net mear stikken yn Argentinië."
Ferslachjouwer Roelof de Vries en Oebele Schokker
De Maradona fan de Wâlden: