Hoe moat de fuotbalkompetysje foar de amateurklups fierder?

25 nov 2020 - 19:09

Hoe moat it fierder mei it amateurfuotbal yn Nederlân? De klups meie noch hieltyd net op folle krêft traine en wedstriden binne hielendal fan de bân. De KNVB hat de klups trije opsjes foarlein: woansdei moasten alle klups harren kar trochjaan.

Foto: Omrop Fryslân

Foarsitter Joan van der Veen fan ONS Snits leit út wat dy trije opsjes krekt wiene: "De eerste optie is dat we de competitie zouden hervatten en proberen om het uit te spelen, maar dat is niet realistisch. We hebben zo weinig wedstrijden gespeeld in de eerste seizoenshelft dat we ruim 20 wedstrijden zouden moeten spelen in de tweede helft. Dat gaat niet gebeuren. De tweede optie is dat we een halve competitie spelen met de huidige tegenstanders. De derde optie is dat we opnieuw zouden beginnen op 1 januari en dan een hele competitie spelen met de halve poule, dus met de helft van de tegenstanders in de huidige competitie."

ONS kiest foar opsje 3

Foar Van der Veen en ONS wie it wol dúdlik: "Wij hebben gekozen voor de derde optie." Neffens de klup is dat ek de meast realistyske en earlike opsje. "Dan speel je nog veertien wedstrijden, en tegen elke tegenstander een keer uit en thuis. Bovendien hebben we zo de minste reisbewegingen en de tegenstanders zijn het meest dichtbij. We hopen dat er dan ook weer publiek mag komen."

VV Bûtenpost

Fuotbalferiening Bûtenpost, dat by ONS yn de kompetysje sit, jout ek de foarkar oan opsje trije. "We moeten eerst maar afwachten of er überhaupt een van de scenario's door kan gaan", seit waarnimmend foarsitter Rudi Stuursma. Optie 1 is in elk geval vrijwel onmogelijk. Onze voorkeur gaat uit naar optie 3, daarna 2. Dat kwam ook al een beetje naar voren uit de vergadering die de clubs met de KNVB hadden."

Bûtenpost tinkt dat it dreech wurdt om al frij gau te begjinnen. "De KNVB ging er in eerste instantie vanuit dat de clubs vanaf 6 december al konden trainen, maar dat mag niet met de coronamaatregelen. Ze willen in het weekend van 23 januari nu beginnen, misschien met uitstel tot begin februari. Maar zelfs al wordt het optie 3, dat betekent dat we tot de zomer iedere zaterdag plus een aantal feestdagen moeten spelen. En dan moet je hopen dat er geen wedstrijden worden afgelast vanwege onbespeelbare velden door slecht weer."

Harkemase Boys

Harkemase Boys, dat ien nivo heger spilet, kiest foar itselde senario as de twa haadklassers: de kompetysje regionaal opdiele yn twaen. As dat net kin, dan wol de klup graach opsje 2: in heale kompetysje mei alle ploegen. "Mar dêrby ha we as opmerking trochjûn dat we eventueel de wedstriden dy't al spile binne, wol gewoan meitelle litte wolle", fertelt foarsitter Sippe Heeringa. "Dan hoege we net hielendal opnij te begjinnen."

Heeringa tinkt der itselde oer as syn kollega-foarsitters. "It bliuwt spannend wannear't we wer los kinne. As it noch langer duorret en we pas yn febrewaris los kinne, moatte der miskien noch wol in fjirde of fiifde senario betocht wurde."

Begjin desimber dúdlikheid

De KNVB hat oanjûn begjin desimber útslútsel te jaan oer it fierdere trajekt. "Voor ons is het belangrijkste dat de overheid ook weer gaat inzien dat voetballen voor alle leeftijden weer moet kunnen. Dat mensen kunnen trainen, naar de club kunnen en 's avonds even wat stoom af kunnen blazen. Dat kan nu niet, dat is lastig. Onze A-selectie traint aangepast met viertallen. Dat doen ze fanatiek, maar het blijft apart als je eigenlijk een elftal bent. Dus we hopen dat we weer zonder beperkingen kunnen trainen en dat er een perspectief op het hervatten van de competities ontstaat."

Neffens Van der Veen hawwe de klups dat ek nedich. "De boel ligt al een poos stil, aan de inkomstenkant vallen er grote klappen. Ook bij ons."

Foarsitter Joan van der Veen fan ONS Snits

Trefwurden: 
ONS Snits KNVB amateurfuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)