NK shorttrack net yn Ljouwert, mar op It Hearrenfean

25 nov 2020 - 18:55

It Nederlâns kampioenskip shorttrack sil kommend jier net yn Ljouwert mar op It Hearrenfean wêze. Fanwegen de coronamaatregels is it net mooglik it kampioenskip yn de Alvestêdehal te organisearjen.

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

It toernoai sil op deselde datum wêze as de bedoeling wie: op 2 en 3 jannewaris. Letter dizze moanne sille al in invitation cup en it NK ôfstannen foar it shorttrack yn Thialf riden wurde.

Earder waard ek al it Wrâldkampioenskip ôfstannen fan Sina nei It Hearrenfean ferpleatst. Yn jannewaris wurdt in 'reedrydbubbel' yn Thialf kreëarre om feilich in reedrydtoarnoai te organisearjen yn coronatiid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)