PvdA wol boeren helpe by ôfset fan produkten yn Fryslân

25 nov 2020 - 17:54

De ynwenners fan Fryslân moatte mear Fryske produkten ite en drinke. De Partij van de Arbeid wol boeren helpe om mear produkten yn Fryslân sels ôf te setten. Dat betsjut mear Fryske produkten yn de supermerk en ek op de wykmerk.

Foto: Eigen foto

Lânbou-wurdfierder Hetty Janssen fan de PvdA hat by wurkbesites boeren troffen dy't graach mear yn Fryslân sels ôfsette wolle. Janssen wol dat de provinsje Fryslân de boeren stipet om foarinoar te krijen dat se mear produkten yn Fryslân sels ferkeapje kinne.

Hetty Janssen en ferslachjouwer Onno Falkena oer it lânboubelied fan de provinsje

Provinsjale Steaten prate dizze woansdei oer de Fryske lânbou-aginda, oer de Fryske ambysjes en doelstellingen op lânboumêd. Boeren moatte oan hieltyd mear easken foldwaan, se moatte duorsumer buorkje, rekken hâlde mei greidefûgels en mei krûderike greiden wurkje.

In soad boeren steane dêr wol foar iepen, mar wolle dan ek graach wat mear barre foar harren produkten en dat falt net ta. Pleatslike omset kin fansels helpe. As in boer op de pleats ferkeapet of yn de pleatslike supermerk binne der minder transportkosten en sitte der ek minder skiven tusken. It giet om it 'verdienmodel' foar de boeren.

Trefwurden: 
PvdA boer Frysk produkt
(Advertinsje)
(Advertinsje)