Fytser swierferwûne by botsing yn Drachten

25 nov 2020 - 17:33

In fytser is woansdeitemiddei yn Drachten yn botsing kaam mei in taksybuske. De fytser rekke swierferwûne. It ûngelok wie op de Gauke Boelensstrjitte.

Foto: SRFotografie

De plysje hat it parkearterrein fan fuotbalferiening VV Drachten ôfset om romte te meitsjen foar de traumahelikopter. De fytser is behannele yn de ambulânse.

De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend, dat wurdt troch de plysje ûndersocht.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)