Wethâlder De Haan yn petear mei belutsen partijen oer Cambuurstadion

25 nov 2020 - 17:32

Wethâlder Hein de Haan fan gemeente Ljouwert is dizze wike drok yn petear mei de oerbleaune partijen dy't belutsen binne by it nij te bouwen Cambuurstadion. Tiisdei waard dúdlik dat de gemeente de finansjele skea dy't ûntstien is troch it weromlûken fan Wyckerveste as ûntwikkelder fan it nije Cambuurstadion ferhelje wol op de projektûntwikkelder.

Skeaclaim gemeente Ljouwert foar projektûntwikkelder Cambuurstadion

De ûntwikkeling fan it nije Cambuurstadion sit yn swier waar, no't ûntwikkelder Wyckerveste him weromlutsen hat. De 'business case', dêr't alle ôfspraken yn steane, soe net rûn te krijen wêze.

De bekende partijen, boubedriuwen Van Wijnen, Dijkstra Draisma. ROC Friese Poort, WTC en SC Cambuur binne yn oerlis mei de wethâlder om ta in oplossing te kommen. "Dat dogge wy yn alle rêst en lijte, sa't wy rêstich ferkenne kinne hoe wy in trochstart meitsje mei de plannen." Woansdei oan de ein fan de middei stie in petear op it programma yn it Cambuurstadion mei de direksje fan de klup.

(Advertinsje)
(Advertinsje)