'Boer zoekt Boer'-dating moat boeren oan opfolger helpe

25 nov 2020 - 17:16

Foar in soad boeren is it dreech om in opfolger te finen. Mar in pleats fine as starter is ek lestich. In nij projekt fan it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt moat dy partijen oan inoar keppelje. Dat wolle sy besykje mei in inisjatyf mei de namme Boer zoekt Boer. Der is in webside en der wie ek in webinar. "Wy hawwe 430 jongelju dy't graach boer wurde wolle en 70 boeren dy't wol in gearwurking oangean wolle," seit Eke Folkerts fan it NAJK.

Eke Folkerts - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

"It probleem is bêst grut," jout Folkerts oan. "Ferline moanne is der in rapport publisearre fan de Wageningen Universiteit oer opfolging yn de melkfeehâlderij. Dêr hâldt 33 persint fan de boeren op en 14 persint dêrfan om't sy gjin opfolger hawwe. Wy reitsje boeren kwyt, mar as der wol minsken buorkje wolle is it skande as dy pleatsen oars ferkocht wurde."

Dêrom kin profesjonele help in útkomst wêze. "De webside rûn al in skoftke, mar nei de webinar hawwe wy we 25 nije oanmeldingen krigen fan guon dy't wol in pleats oernimme wolle en 2 dy't harren pleats wol oerdrage wolle oan ien bûten de famylje."

Hokker profilen byinoar?

Wichtich is wol dat it net allinne by online daten bliuwt. Folkerts: "Wy hawwe no allinne noch in webside dêr't de partijen inoar fine kinne. Mar wy sizze: eins is dit ek in relaasje dy't je foar it libben oangeane. It is in grut barren, dan is der mear nedich. Dus dan is it moai as der in professional tusken sit dy't mei de boeren en jongelju yn petear giet en mei de profilen sjocht wa't der byinoar pasje kin."

Eke Folkerts fan it Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt

(Advertinsje)
(Advertinsje)