Falske dokuminten foar útsûndering mûlkapkeplicht yn omrin

Der binne dokuminten yn omrin, dy't fan it ministearje fan VWS lykje te kommen, dêr't minsken in útsûndering op de mûlkapkeplicht yn sikehuzen mei krije kinne. Dy dokuminten komme lykwols net fan de ryksoerheid. It Ljouwerter sikehûs MCL hat dêr al foar warskôge.
Coronamaatregels © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
By it MCL wit it personiel derfan. In kaart dêr't je net in mûlkapke mei hoege te dragen, is der net. It is net dúdlik oft der by it MCL al misbrûk makke is fan in eventuele ûntheffing, dy't yn guon gefallen wol mooglik is.
"Als er een goeie medische reden is dat je geen mondkapje kunt dragen, dan houden we er rekening mee", seit MCL-wurdfierder Frits Mostert. "Dan moet er wel een verklaring van een arts zijn. Maar het aantal mensen dat daar gebruik van maakt is bijzonder gering."
De kaart yn kwestje liket behoarlik echt mei in Rykslogo en it byldmerk mei it mûlkapke derop. Der stiet ek in link op nei in webside fan de oerheid mei ynstruksjes oer mûlkapkes. Earder dizze moanne wie der in útsûnderingskaart beskikber op de webside fan de Ryksoerheid, dizze is letter offline helle. De reden hjirfoar is net bekend.
"Het grappige is dat die link wel klopt. Daar is inderdaad keurig alle informatie over mondkapjes te vinden. Waar het vandaan komt, weten we niet. Iedereen kan zo'n ding uitdraaien en meenemen, maar dat zegt natuurlijk helemaal niets", seit Mostert.
© In falsk dokumint om ûnder de mûlkapkeplicht út te kommen
It MCL hâldt him oan it twingende advys fan de oerheid, al smyt dat wol diskusje op. Fan 1 desimber ôf jildt in mûlkapkeferplichting foar alle publike binnenromten. Dêr binne se wol bliid mei. It makket de diskusje in stik makliker, fynt Mostert.
Frits Mostert fan it MCL
Yntusken is dúdlik dat it orizjinele dokumint wol koarte tiid te downloaden west hat op de website fan de Ryksoerheid. It dokumint is yntusken offline helle.