Online rydtest helpt om feiliger te riden

It CBR en Veilig Verkeer Nederland (VVN) komme mei in in online Rij Bewust Test. De test jout bestjoerders mear ynsjoch yn it eigen rydgedrach en helpt om mei in feilich gefoel te riden.
© VVN
Sa'n 90 persint fan de ûngelokken wurdt feroarsake trochdat bestjoerders har gedrach net goed op de situaasje ôfstimme. Yn de test komme ferskillende situaasjes foar, lykas ride yn it tsjuster, yn de rein of op in drokke krusing. Mar ek yn it hâlden en dragen fan de minsken sels kinne flaters ûntstean. "In de ervaring die je door de jaren heen hebt opgebouwd kunnen ook verkeerde dingen zijn ingeslopen," leit Rob Stomphorst fan VNN út.

Tips

De test sjocht hoe't de bestjoerder dermei omgiet. Nei ôfrin folget in advys-op-maat, dat helpt om bewuster en feiliger te riden. It giet dus net om de kennis fan ferkearsregels en -buorden. "Je bent niet echt aan het rijden, het zijn plaatjes van een situatie. Bijvoorbeeld van een drukke situatie in een stad met allerlei borden. Het meet of je als bestuurder goed met situaties om kan gaan en of je ontspannen bent. Als je het eerlijk invult, krijg je resultaat met een aantal tips."
De Rij Bewust Test is fergees, seit Stomphorst. "En het is ook is anoniem, dat is prettig. Het maakt niet uit als je wat fout doet."
Rob Stomphorst fan de VVN