Twa wedstriden SC Cambuur ferpleatst nei oare dei yn desimber

25 nov 2020 - 16:40

In pear wedstriden yn de Keuken Kampioen Divisie binne ferpleatst fanwegen it programma yn de twadde ronde fan it toernoai om de KNVB-Beker. Yn spulronden 16 en 17 krije ferskate wedstriden oare datums of tiidstippen. It betsjut ek dat twa wedstriden fan SC Cambuur op in oare dei hâlden wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Foar SC Cambuur betsjut it dat de wedstriid tsjin Jong AZ net op 11 desimber is, mar op 12 desimber om 16.30 oere.

En de wedstriid tsjin Excelsior is net op 18 desimber, mar op 20 desimber om 12.15 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)